Groate Kerk begjin kuiertocht

22 jun 2010 - 21:29
  • De Groate Kerk moat it begjin wurde fan de pilgrimstocht nei Santiago di Compostella

De Groate Kerk yn Sint Jabik wurdt in startpunt foar de pilgrimstocht nei Santiago di Compostella. De Stifting Alde Fryske Tsjerken wol de tsjerke opknappe en geskikt meitsje foar dizze funksje.

De tsjerke hat al in kulturele funksje en wurdt aanst ek noch in ynformaasje- en besikerssintrum der't ûnder oaren pilgrims har tariede kinne op de lange kuier- of fytstocht nei Spanje ta. De kosten foar renovaasje fan de tsjerke wurde rûsd op 410.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)