Grize kontener as dumpplak

30 sep 2004 - 09:51

Ynwenners fan de gemeente Achtkarspelen smite fierstente folle ferkeard ôffal yn de grize kontener. Dat docht bliken út in stekproef fan Fryslân Miljeu. It giet dan om grienôffal, papier, glês, tekstyl, hout en bou- en sloopôffal. Mear as de helte fan it ôffal heart eins net yn 'e grize kontener.

De gemeente Achtkarspelen fynt it spitich dat it ôffal net better skieden wurdt. De gemeente is dêrtroch folle djoerder út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)