Grinzerstrjitwei net parallelwei

19 feb 2003 - 00:00

De Grinzerstrjitwei yn Ljouwert wurdt gjin paralleldyk. De gemeente Ljouwert hat dat woansdei besletten. Dêrmei komt de gemeente de omwenjenden foar in grut part yn 'e mjitte. Dy hiene beswieren tsjin in paralleldyk.

Der hawwe in pear foarljochtingsjûnen west dêr't in tal farianten presintearre binne. Ljouwert hat keazen foar de fariant dêr't de measte minsken har yn fine kinne. Der bliuwt ek plak om auto's te parkearen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)