Grinzers winne roei-alvestêden

23 maaie 2009 - 13:12

Roeiers fan de Grinzer studinteferiening Gyas ha de roei-alvestêdetocht wûn. De ploech kaam binnen nei 16 oeren en tweintich minuten. Dêrmei ferbettere de ploech it parkoersrekôr mei 25 minuten.

As twadde kamen de feteranen fan de Zwolsche Roeivereniging. Sy hiene in efterstân fan 20 minuten op de winners. In Dútsk team waard tredde. De tocht is mei troch it goede waar sûnder problemen ferrûn. Mar twa teams binne útstapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)