Grinzers rallyfiskers bekeurd

24 feb 2009 - 10:02

Yn Koudum binne sneon twa manlju út Grinslân op de bon gien fanwege bistekwelling. De manlju wiene oan de Spoarleane oan it fiskjen, mar lieten de fisken dy't se út it wetter helle hiene, oan har lot oer.

Yn de kofferbak fan har auto sieten hûndert fisken. De noch libbene fisken binne weromset. De deade fisken binne nei de Fûgelhelling yn Oerterp brocht. De manlju wiene nei alle gedachten oan it rallyfiskjen, in wedstriid om de measte meters fisk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)