Grinzer ynbrekkers oppakt

02 aug 2012 - 09:57
  • stellen byldsjes

De plysje yn Grins hat fjouwer fertochten fan ynbraken op It Amelân en yn de stêd Grins oppakt. It giet om trije mannen en ien frou fan 20 oant 29 jier út Veendam en Grins, dy't fertocht wurde fan tsientallen ynbraken. De ynbrekkers hawwe ûnder oaren trettjin brûnzen bylden stellen by in kuersintrum yn Bad Nieuweschans.

Fierder hawwe se jild en kluzen stellen. De plysje hat by de oanhâldings ek fjoerwapens en drugs fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)