Grinzer skopt NS-meiwurker

31 des 2012 - 11:24

In 39-jierrige Grinzer hat sneintejûn foar in soad ûnrêst soarge op it stasjon yn Ljouwert. De man waard betrape op stellerij út ien fan de winkels op it stasjon. De meiwurkers holden de man fêst oant de plysje kaam. De fertochte gedroech him hiel ferfelend en drige mei fan alles en noch wat, ek rjochting reizgers.

Doe't de plysje kaam waard hy meinommen nei de plysje-auto. Dêr skopte hy ien fan de minsken fan de NS, dy hat dêr oanjefte fan dien. De fertochte is ynsletten op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)