Grinzer sakelju oer de grins

01 sep 2004 - 16:11

Undernimmers út de Grinslanner gemeente Grootegast ha belangstelling foar it nije bedriuweterrein by Surhústerfean. De ûndernimmers wachtsje sels al lange tiid op in eigen bedriuweterrein. Troch in fallite ûndernimmer is oan de Grinzer kant fan it terrein Lauwerskwartier noch neat boud.

Oan de Fryske kant fan De Skieding binne ûndernimmers út Surhústerfean wol oan it bouwen. De ûndernimmers út de Grinzer Pein wolle dêr ek wol hinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)