Grinzer rydt troch stek fan Noarderbegraafplak yn Drachten

01 mrt 2015 - 13:10
  • Skea oan it hek fan it Noarderbegraafplak yn Drachten

In 27-jierrige man út it Grinzer Mearum is sneontejûn oanholden nei't er mei de auto troch it stek fan it Noarderbegraafplak yn Drachten riden wie. Tsjûgen seagen hoe't de man op de Stasjonswei fan de dyk rekke en op it begraafplak bedarre.

Nei it ûngelok naaide de fertochte út. Fia tips koe de plysje de Grinslanner efkes letter oanhâlde. Ut bloedûndersyk die bliken dat er fierstente folle dronken hie. De plysje hat it rydbewiis fan de man ynnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)