Grinzer pakt mei harddrugs yn Drachten

18 sep 2015 - 12:01
  • e_dolphins

In 28-jierrige automobilist út De Wilp yn Grinslân is tongersdeitenacht yn Drachten oanhâlden foar it yn besit hawwen fan harddrugs. De man hie nei alle gedachten speed by him.

De fertochte stie mei syn auto parkeard op in bedriuweterrein, wat neffens de plysje fertocht wie op dat tiidstip. De man waard dêrop kontrolearre. De aginten rûkten in sterke himplucht en fûnen pûdsjes mei drugs yn de auto. De automobilist is oanhâlden en is oerbrocht nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)