Grinzer man stutsen yn Snits

13 maaie 2013 - 14:28
  • Plysje-embleem

In Grinzer (26) is yn de nacht fan sneon op snein mei in mes mishannele yn de Kruizebroederstrjitte yn Snits. De man kaam út in kroech en rôp nei in groep jongerein om't hy tocht dat der in freon fan him stie. In jonge út de groep kaam nei de Grinzer ta en sloech him tsjin de holle. De dieder naaide út mei in famke achterop de fyts. Letter ûntduts de Grinzer dat hy stutsen wie en dat der in soad bloed út de wûne kaam.

De man is yn it sikehûs behannele. De plysje siket tsjûgen fan it ynsidint. De dieder hat koart blond hier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)