Grinzer Kamminga wint maraton

06 jun 2010 - 14:50
  • Martin Ketellapper wie de bêste Fries

De Maraton fan Ljouwert is snein wûn troch Iwan Kamminga fan Nieuwe Pekela. De Grinzer wûn yn 2.27,52. Mei goed fjouwer minuten efterstân waard Fransua Woldemariam twadde. Bêste Fries wie Martin Ketellapper. De Ljouwerter waard tredde yn 2.38,40..

De winner fan ferline jier, Remon van Lunzen fan Ljouwert, rûn de heale maraton en dy wûn er ek. De omstannichheden snein yn Ljouwert wiene waarm en benaud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)