Grinzer ferset Fryske wynmûnen

10 mrt 2010 - 12:52
  • Grinslân wol gjin hege wynmûnen yn Kollumerlân

It provinsjebestjoer fan Grinslân is tsjin de bou fan fiif hege wynmûnen yn de gemeente Kollumerlân. It giet om mûnen fan 120 meter heech. Bewenners fan Lauwersyl en Mûntsjesyl binne benaud foar oerlêst en in minder moai útsjoch.

Dizze moanne nimt de provinsje Fryslân in beslút oft de wynturbines der komme meie of net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)