Grinzer fermist

27 maaie 2010 - 21:22

De plysje fan Grinslân docht ûndersyk nei de fermissing fan de 29-jierrige Reitze Jan Jillings. Reitze Jan is woansdei om seis oere jûns hinne op de fyts fanút Grins fuortgien. Sûnt dy tiid is der neat mear fan him fernaam.

De Grinzer hat in ferstanlike beheining. De plysje hat op it stuit noch gjin idee wêr't de man hinne gien is, mar se hâlde der rekken mei dat er net mear yn de provinsje Grinslân is. De man hat in slank postuer, hy is goed 1.75 meter lang en hat ljocht hier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)