Grinzer fan It Amelân setten

11 jul 2013 - 10:15
  • Oanhâlding troch plysje

In 38-jierrige Grinzer is woansdeitenacht troch it lint gien op It Amelân en fan it eilân ôfset. Hy stapte op twa plysjeminsken ôf dy't yn in kafee op de Marten Janszenstrjitte yn Nes mei de barmeiwurkers praten. Syn freondinne naam him mei nei bûten, mar dêr begûn er op de ruten te slaan. Hy krige in warskôging, mar kaam toch de kroech wer yn.

Doe't de plysje him nei bûten wurke hie, begûn er op de plysjeauto om te slaan. De plysjeminsken hawwe him doe yn de boeien slein, nei de fêste wâl brocht en fêstsetten op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)