Grinzer e-fytsdieven trapearre

15 maaie 2014 - 10:38
  • De e-bike is hjoed-de-dei wakker populêr

De plysje yn Drinte hat woansdei twa Grinzers oanhâlden dy't yn Ljouwert twa elektryske fytsen stelle woene. It giet om in frou (28) en in man (40) út Grins. It duo hie twa fytsen út in berging oan de Opslach helle en op in oanhingwein set. In tsjûge wist ien fyts werom te pakken, wêrnei't it duo útnaaide. Se botsten dêrby tsjin in parkearde auto.

De tsjûge joech it kenteken fan de Grinzers troch oan de plysje. Dy seach de dieven by Vries riden en sette se oan de kant. Se sitte noch fêst. De auto en oanhingwein binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)