Grinzer deputearre wol fúzje

18 jan 2012 - 12:03

Fryslân, Grinslân en Drinte moatte yn de takomst ien grutte provinsje wurde. Dat seit de Grinzer VVD-deputearre Mark Boumans. Boumans blaast de diskusje oer ien Noardlik lânsdiel dêrmei wer nij libben yn. Mear pommeranten sjogge in soad winst yn sa'n fúzje tusken de trije provinsjes. Sa hat kommissaris fan de Keninginne yn Drinte, Jacques Tichelaar, koartlyn ek oanjûn in soad yn sa'n fúzje te sjen.

It Noarden wurdt as ien provinsje machtiger yn Den Haach, wylst skaalfergrutting ek goedkeaper wurdt, omdat der minder politisy nedich binne.

VVD-deputearre Mark Boumans fan de provinsje Grinslân tinkt dat ek Fryslân te oertsjûgjen falt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)