Grinzer brassband ûnttroanet De Bazuin op NK

15 nov 2015 - 11:01
  • (argyffoto)

Brassband De Bazuin Oentsjerk is der sneontejûn net yn slagge om op 'e nij Nederlânsk kampioen te wurden. By it kampioenskip yn Utrecht kaam de winner fan 2014 yn de kampioensdivyzje net fierder as it achtste plak. Mei it ferplichte wurk 'Terra Incognita' fan Jan de Haan hellen se 89 punten. De nije Nederlânsk kampioen is de Provinciale Brassband Groningen. Sy hellen 96 punten.

Soli Brass út Ljouwert waard twadde en de Wâldsang út Bûtenpost waard sânde.

Yn de oare klassen wienen wol Fryske winners. Yn de 1e divyzje gie de winst nei Pro Rege fan It Hearrenfean. Euphonia út Ternaard waard kampioen yn de 4e divyzje.

De útslaggen fan it kampioenskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)