Grintpaad obstakel yn Hijum

29 sep 2011 - 12:10

Sûnt Lânskipsbehear in pear moannen lyn grint op de paadsjes om de tsjerke fan Hijum hinne lein hat, binne der problemen. Kroaden komme fêst te sitten en foar minsken yn rolstuollen moat flierbedekking útrôle wurde. Ofrûne wykein ferrûn in begraffenis dreech, om't de bier mei de kiste hast net troch it grint foarút koe.

Neffens de tsjerke soene der skulpen yn stee fan stientsjes komme. Lânskipsbehear hat no in laachje grint fuorthelle mar dat hat noch net holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)