Grinspeal wer boppe wetter

13 sep 2012 - 18:15

De bysûndere grinspeal fan getten izer tusken Sigerswâld en De Wilp, dy't dizze wike ferdwûn, is wer fûn. It docht bliken dat meiwurkers fan de provinsje de unike peal meinaam hawwe om dizze op te knappen. De peal út de 19e ieu rekke yn de rin fan de tiid skansearre.

De eigeners fan it lân dêr't de twa meter lange peal stie, wisten fan neat en tochten dat de peal stellen wie. De peal jout de grins tusken Fryslân en Grinslân oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)