Grinspeal 14 is stellen

10 sep 2014 - 12:41
  • Grinspeal 14

Grinspeal 14, dy't in sintrale rol spilet yn lokaasjeteater Operatie Grensland, is tiisdeitenacht stellen. De grinspeal by Fryske Peallen is 290 jier âld en stiet symboal foar it hakketakjen oer de grins tusken Grinslân en Fryslân. BUOG is noch drok dwaande mei de tariedings fan de lokaasjefoarstelling.

Der is no bewaking by it terrein ynsteld en dêr wurde noch frijwilligers foar socht. Der sil oanjefte dien wurde fan de stellerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)