Grinslanner oanhâlden nei efterfolging

11 sep 2015 - 20:12
  • Plysje mei de fertochte auto

De plysje hat freedtemiddei yn Easterwâlde nei in lange efterfolging in man út Grinslân oanhâlden. De man is in bekende fan de plysje en ried yn De Like troch nei't hy in stopteken krigen hie. De man ried mei hege snelheid oer de A7 en troch doarpen. Yn Easterwâlde koe de plysje de man klemride nei't hy in dearinnend strjitsje ynried. Yn de auto fan de man waarden kilo's himp fûn. Hy sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)