Grinslanner fan jild berôve yn Drachten

14 mrt 2015 - 12:23
  • Bedriging mei in mes

In 28-jierrige man út Ter Apel is freedtemiddei op De Drift yn Drachten fan syn jild berôve. De man waard oerfallen troch twa manlju en mei in mes bedrige. Ien fan 'e dieders helle oanslutend it jild út de klean fan it slachtoffer. It slachtoffer soe ek noch in klap yn it gesicht krigen hawwe.

De dieders binne om de 20 jier hinne en seagen der ûnfersoarge út. De plysje docht in oprop oan mooglike tsjûgen om harren te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)