Grinslân: mear jild Waadfûns

19 maaie 2010 - 07:15

De Grinslanner deputearre Hollenga wol dat de ministearjes fan VROM en LNV mear jild stoarte yn it Waadfûns. Dat fûns is bedoeld foar ynvestearrings op ekologysk en ekonomysk gebiet yn en om it Waad.

Alle jierren sit der 33 miljoen yn it fûns, neffens Hollenga is dat te min. Hy sil dêrom takom wike by in gearkomste fan it regionaal kolleezje waadgebiet pleitsje foar in hegere bydrage fan de ministearjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)