Grins wint Bûnspartij

20 maaie 2002 - 00:00

Grins hat Pinkstermoandei yn Frjentsjer de Bûnspartij op syn namme skreaun. Klaas van der Lei, Sake Porte en Douwe Groenendijk wûnen mei 5 om 'e 4 en 6 gelyk fan it Arumer partoer Arie den Breejen, Gerben Okkinga en Robert Rinia.

Yn 'e heale finale fersloech Grins it favorite partoer Minnertsgea, mei Jacob en Chris Wassenaar en Klaas Anne Terpstra. Sy wûnen ferline jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)