Grins berikt: rêdingsboat It Amelân komt it faakst yn aksje

14 jan 2016 - 23:09
  • Anna Dorothea rêdingsboat KNRM

Fan alle KNRM-rêdingsboaten yn Nederlân is dy fan It Amelân yn 2015 it faakst útfearn. De boat fan KNRM-stasjon Ballumerbocht waard yn 2015 mar leafst 170 kear ynset. De boat kaam mar tsien kear yn aksje om in skip yn need te helpen. By alle oare 160 aksjes gie it om pasjinteferfier nei de fêste wâl.

Neffens skipper Theo Nobel fan KNRM-stasjon Ballumerbocht is it ferfier mei syn rêdingsboat sawat like fluch as mei de helikopter, dy't it pasjinteferfier earder fersoarge.

Grinzen fan kapasiteit binne berikt

De KNRM op It Amelân sit mei 160 oertochten foar pasjinteferfier wol tsjin de grinzen fan de kapasiteit oan, benammen om't it ferfier útfierd wurdt troch frijwilligers. As it pasjinteferfier noch fierder tanimt, moat dêr in oare oplossing foar komme, sa fynt de skipper. 

De KNRM kaam yn 2015 ek op oare plakken faker yn aksje as yn 2014. De rêdingsboat fan Hylpen fear ferline jier 102 kear út, dy fan West-Skylge 82 kear en dy fan Skiermûntseach 81 kear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)