Grins-Aris: in triller

08 okt 2011 - 23:30

De basketballers fan Lasaulec Aris ha krekt net in fraaie oerwinning behelle op Grins. Yn it Martiniplaza, foar 3560 taskôgers, wûn de thúsploech Gasterra Flames mei 83-82.

Nei in min earste kwart en sels in efterstân fan 13 punten, kamen de Ljouwerters goed werom. Yn it lêste kwart ha se sels in foarsprong fan 6 punten. Mei noch ien sekonde te gean, stiet Grins mei 83-81 foar, as Lance Jeter twa frije worpen krijt. Hy skoart de earste, mar mist de twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)