Grimmitige sfear by demonstraasje tsjin Swarte Pyt yn Grou

13 feb 2016 - 11:33
  • De plysje moast demonstranten en Grousters útinoar hâlde
  • De demonstraasje tsjin Swarte Pyt yn it sintrum fan Grou

Sa'n 20 minsken demonstrearje yn Grou tsjin de komst fan Swarte Pyt. Neffens ferslachjouwer Ilse Hermanides wie de sfear sa út en troch ferfelend. Hjir en dêr waard treaun. De demonstranten hiene in plakje op de Hellinghaven oanwiisd krigen, mar se stiene yn de Haadstrjitte, sadat se tichteby it feest wiene.

Dêr binne ek Grousters dy't leuzen rôpen tsjin de aksjefierders. Ferskate plysjeminsken hâlden de demonstranten by it plein wei, dêr't de bern it Sint Piterfeest fierden.

Ien fan de demonstranten hie it gesicht bedekt. Dat die er om oaren eangst oan te jeien, sei er tsjin ferslachjouwer Ilse Hermanides. De demonstranten rôpen ûnder oare "zwarte piet, zwart verdriet" en "no more black face", en hiene protestbuorden by har. Boargemaster Crone fan Ljouwert wie net ûntefreden oer it ferrin fan de demonstraasje. "De demonstranten hebben ook het recht om hun mening te uiten en dat is gebeurd." 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)