Grientesaken Doldersum ticht

08 maaie 2003 - 00:00

De filialen fan grienteboer Doldersum binne sûnt woansdei ticht. De keten hat yn it Noarden fyftjin winkels, wêrfan twa yn Ljouwert. De ûndernimming soe mooglik oan de râne fan in fallissemint stean.

By de keten grientewinkels wurkje 55 minsken. Begjin 2002 gie Doldersum ek al fallyt. Koart dêrnei hat it bedriuw in trochstart makke mei in nije eigner. De eigner wol gjin kommentaar jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)