'Griente útride is mooglik'

03 jun 2011 - 20:51

De provinsje wol serieus sjen nei de mooglikheden dat túnkers oerstallige grienten oer har lân útride. Dat seit deputearre Konst yn reaksje op útlittings fan steatssiktaris Atsma. Dy sei freed dat provinsjes soepel omgean moatte mei túnkers dy't gjin jild hawwe om griente dy't net mear ferkocht wurde nei de kompostearringsfabryk ta te bringen.

As soks gjin skea oan it miljeu tabringt, wol Fryslân dêr eventueel wol tastimming foar jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)