Griente op fersâlte lânbougrûn

04 nov 2014 - 15:43
  • Griente ferbouwe op sâltich wetter
  • De âlde iisbaan yn Surch wurdt ûnder wetter set foar de proefkweek

By Surch komt takom jier in driuwende grienteplantaazje yn sâltich gebiet. Op dit stuit rint der in proef by it doarp, mar de metoade sil ek tapast wurde op it stik lân dêr't earder de iisbaan wie. Dy wurdt ûnder wetter set en de grienten komme op driuwende barten te stean. De plant sil troch it hout mei de woartels yn it wetter rikke om sa groeie te kinnen.

Yn Fryslân rekket hieltyd mear lânbougrûn fersâlte. Zilt Proefbedrijf op Teksel helpt mei by Surch. It bedriuw wurket al langer mei de driuwende-plantaazjemetoade op sâltige grûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)