'Griente nei itensbank'

11 aug 2014 - 12:38
  • Griente

De Voedselbanken yn Nederlân hawwe in oprop dien oan boeren en telers om produkten dy't se fanwege de Russyske boykot net kwyt kinne, nei de itensbank te bringen. De hast 100.000 minsken dy't ôfhinklik binne fan de itensbanken, soene dêr goed mei holpen wurde kinne.

LTO Noard stiet net negatyf tsjinoer de oprop, mar wol dan wol dat der in finansjele regeling komt, bygelyks fan it Ryk. De boeren kinne harren produkten neffens LTO net fergees fuortjaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)