Griente fia ynternet keapje

23 mrt 2004 - 00:00

Fiif biologyske boeren ferkeapje sûnt koart har produkten fia ynternet. De boeren yn Noard-Nederlân omsile sa de tuskenhannel. De ferkochte griente wurdt ôflevere by lytse supermerken en buorkerijen.

Om't de ferkeap en distribúsjekosten leger binne, hoopje de boeren mear te fertsjinjen as dat se no dogge. Der binne al sa'n tweintich fêste klanten dy't fia ynternet griente keapje. Dat moatte dit jier 400 wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)