GrienLinks:Rezjy nei provinsje

02 nov 2009 - 15:39
  • GrienLinks: Oars nei gemeentegrinzen sjen

De provinsje moat gau de rezjy nimme by de weryndielingen yn Fryslân. Dat seit de fraksje fan GrienLinks yn Provinsjale Steaten. GrienLinks stelt fragen nei oanlieding fan it plan fan Hearrenfean en Smellingerlân om ûndersyk te dwaan nei in fuzje. De partij neamt dat in wanhoopsoffensyf.

GrienLinks fynt dat de weryndielingen oant no ta fierste folle útgean fan it byelkoar dwaan fan gemeenten. Der soe minder nei gemeentegrinzen en mear nei oare kritearia sjoen wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)