GrienLinks: jou lekkerij oan

12 mrt 2008 - 14:08

De steatefraksje fan GrienLinks wol dat kommissaris Nijpels oanjefte docht fan lekken. De partij doelt op it útlekken fan de namme fan de man dy't mooglik de nije kommissaris yn Fryslân wurdt. It soe gean om John_Jorritsma, de direkteur fan de Brabânske Untwikkelingsmaatskappij.

Jorritsma (51) is VVD'er. Neffens in berjocht yn de Ljouwerter Krante fan woansdei soe de man unanym foardroegen wurde troch de betrouwenskommisje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)