GrienLinks: fleanfjilden slute

03 mrt 2003 - 00:00

GrienLinks wol hast alle fleanfjilden foar sportfleantugen slute. Dat skriuwt de partij yn in plan dat moandei presintearre wurdt. De fleanfjilden op It Amelân en Drachten hearre dêr ek by.

Allinnich de fleanfjilden by Lelystêd en Maastricht meie iepenbliuwe foar charterfluchten. De oare twa regioluchthavens Eelde en Twente meie inkeld iepenbliuwe foar militêre fleantugen. De partij wol mei it plan de fersmoarging fan it miljeu tsjingean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)