GrienLinks: fersmyt natoerplan

20 des 2011 - 20:23

GrienLinks ropt deputearre Johannes Kramer op it natoerakkoart fan steatssiktaris Henk Bleker ôf te wizen. Neffens de steatefraksje fan GrienLinks moat Kramer solidêr wêze mei syn Drintske kollega Rein Munniksma, dy't de steateleden frege hat tsjin it akkoart te stimmen. Woansdei prate de Fryske steaten oer it akkoart en GrienLinks wol dat de deputearre him fûler útsprekt. Trije provinsjes hawwe it akkoart yntusken fersmiten. Seis binne foar, mar twa dêrfan ûnder betingsten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)