GrienLinks docht mei yn B'him

14 des 2009 - 12:07

GrienLinks docht yn Boarnsterhim mei oan de gemeenteriedsferkiezings fan maart 2010. De gemeente hâldt nei alle gedachten yn 2013 op te bestean, mar likegoed fynt de partij it wichtich noch inkelde jierren mei te bestjoeren. Jochem Knol fan Grou wurdt foarsitter fan de nije ôfdieling.

De partij fynt dat it beslút oer de bestjoerlike takomst troch in nije ried nommen wurde moatte soe, mar dat beslút wurdt tiisdeitejûn al nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)