GrienLinks: Bonnemalegaat ynsjen

14 feb 2006 - 11:48

GrienLinks yn de Steaten wol it testamint fan Abe Bonnema ynsjen. De fraksje freget Deputearre Steaten oft dat kin op basis fan de Wet Iepenbierens Bestjoer(WOB).

De partij wol witte oft it nije Fries Museum perfoarst oan it Saailân yn Ljouwert komme moat of dat der sprake is fan it 'befoarderjen fan nijbou' oan it Saailân. Dat lêste is net itselde as in ferplichting om op it Saailân te bouwen, fynt GrienLinks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)