'Griene ûndernimmers' nei IBF

08 feb 2003 - 00:00

Op it ynternasjonale bedriuweterrein Fryslân (IBF) by It Hearrenfean moat plak komme foar duorsum ûndernimme. Dat wol de Steatefraksje fan GrienLinks.

Neffens de partij moat it ambysjenivo fan it Megapark bysteld wurde, om't der op dit stuit noch in protte grûn net ferkocht is. Dêrom soe it terrein ynrjochte wurde moatte foar lytsere bedriuwichheid. Soks moat sawat twatûzen ekstra banen opsmite, sa besiferet de partij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)