Griene tsiis en druven slaan oan

05 okt 2006 - 16:59

De kombinaasje fan griene tsiis en druven út Fryslân liket oan te slaan by de konsumint. Dat is de konklúzje fan Jan Geuvert Hoogkamp fan Sint Nyk.

Dit jier is der al twa bunder oan druven ferboud en de ferkeap fan de rispinge, dizze wike, rint dat it slydjaget. Takom jier sil der echt wyn fan makke wurde. Itselde bedriuw makket ek griene tsiis. De tsiis wurdt grien makke mei sop fan peterseelje. Ek dat produkt ferkeapet aardich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)