Griene striid Drachten en Dokkum

20 feb 2001 - 19:05

Drachten en Dokkum binne de Fryske plakken dy't meidogge yn de striid om de titel grienste doarp of stêd fan Nederlân. Yn totaal binne der njoggen stêden en doarpen mei mear as 15.000 ynwenners dy't meidogge oan de Entente Florale.

Dit jier is ek de gemeentlike natuerpriis fan it ministearje fan Lânbou yn de wedstriid opnommen. De winners dogge mei oan de Europeeske finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)