Griene streek op 100-km-dyk

30 jul 2004 - 18:22

Op de wei Dokkum-Aldtsjerk is in dikke griene middenstreek oanbrocht. Dy moat minsken derfan bewust meitsje dat se op in 100 kilometer-dyk sitte. As je oer de streek hinne ride, is in warskôgjend soemend lûd te hearren. Dat moat de feiligens ten goede komme. Alle Fryske 100 kilometer-diken krije sa'n steek, want dat binne lanlike ôfspraken. De Lauwersseewei tusken Aldtsjerk en Dokkum is de earste yn Noard-Nederlân dy't sa'n streek krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)