Griene monuminten op iepen dei

01 sep 2012 - 11:20
  • Einekoai

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân dogge nije wike sneon, op de Iepen Monumintedei, net allinnich mar musea en tsjerken mei. It lanlike tema is dit jier 'Groen van Toen'. En dêrom kinne minsken ek oan griene monuminten in besite bringe. Der wurde ûnder oare aktiviteiten hâlden yn it Julianapark yn Boalsert, de oertunen yn Drylts en de einekoai by Offenwier.

Steatsboskbehear is bliid dat ek de griene momuminten diskear wat ekstra omtinken krije. By de einekoai wurde spesjale aktiviteiten hâlden foar bern en folwoeksenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)