Griene loper de natuer yn

20 feb 2014 - 16:17
  • Natuer

Doarpen en stêden moatte better mei de natuer ferbûn wurde, sadat minsken dêrfoar net yn de auto hoege te stappen. Dat fine de Fryske Miljeufederaasje en it Fryske Gea. Sy roppe minsken op om mei ideeën foar dat plan te kommen.

Foarbyld fan hoe't soks kin, is de Lindewyk yn Wolvegea. It grien fan de wyk rint 'as in griene loper' oer yn natuergebiet De Lindevallei. Dat helpt om huzen te ferkeapjen. Boppedat giet de priis fan de huzen ek omheech.

Foar it saneamde 'Grieneloperprojekt' hoecht it net perfoarst om natoer te gean. It kin ek in moai kultuerlânskip wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)