Grien Servicepunt Noard fallyt

11 des 2008 - 09:28

De Stichting Groen Servicepunt Noord yn Drachten is fallyt. De mienskiplike stichting fan it CNV, FNV en LTO Noard hie as doel om minsken oan it wurk te krijen yn de agraryske sektor. Ek joegen de acht meiwurkers advys oer personielsbelied op boerebedriuwen.

Fanwege in skuld fan in pear ton lûke de fakbûnen en LTO de stekker út de stichting. Dit ta grutte fernuvering fan direkteur Hans van der Kooij. Hy begrypt net dat twa fakbûnen harren eigen stichting fallyt gean litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)