Grien Ljocht Tryntsje Wiel

14 sep 2009 - 23:01
  • It plak by Broek dat feroarje sil (foto: Martin de Jong)

De plannen foar it bûten Tryntsje Wiel by De Broek yn Skarsterlân kinne lykas it no liket gewoan trochgean. In mearderheid fan de gemeenterie fan Skarsterlân is foar de plannen. Dat waard moandeitejûn dúdlik op in kommisjegearkomste op 'e Jouwer.

Ut De Broek sels kaam in soad ferset. Op de gearkomste fan de rie kamen goed hûndert Broeksters ôf. It plan foar in natoer- en wetterbûten is in inisjatyf fan Klaas Kloosterman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)