Grien ljocht sintrale Harns

15 apr 2009 - 11:41
  • In pear wike lyn waard yn Harns al de earste peal fan 'e sintrale slein

De bou fan de reststoffe-ôffalsintrale fan Omrin yn Harns kin definityf troch gean. De rjochter hat de beswieren tsjin de boufergunning woansdei allegearre fan tafel fage. De tsjinstanners fine ûnder oare dat de piip fan 'e oven te heech wurdt en net binnen it bestimmingsplan past.

Ek fine se dat it plak ferkeard keazen is, omdat hjir allinnich bedriuwen sitte meie dy't oan de seehaven bûn binne. Ek dêrfan hat de rjochter sein dat dat juridysk net kloppet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)