Grien ljocht GSM-mêst Mantgum

08 apr 2009 - 11:07

Telecombedriuw Vodafone mei in GSM-mêst delsette yn Mantgum. De Raad van State hat dat sein. It bedriuw wol in mêst delsette op it terrein fan de brânwachtkazerne yn Mantgum, mar omwenners protestearden. Letter soene der ek noch UMTS-antennes yn de mêst komme en omwenners binne benaud foar sûnensklachten troch strieling.

Neffens de Raad van State komt der net mear strieling frij as tastien en dus is der op dy grûn gjin reden de bou fan de mêst te ferbieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)