Grien ljocht foar suvelfúzje

17 des 2008 - 10:43
  • Op 30 desimber is it safier: FrieslandFoods en Campina fusearje
  • Eurokommissaris Neelie Kroes fan Mededinging

De Europeeske Kommisje hat lang om let grien ljocht jûn foar de fúzje tusken de suvelkoöperaasjes Friesland Foods en Campina. Eurokommissaris Kroes fan Mededinging jout dy tastimming net samar. Om oan de beswieren fan de Europeeske Komissje temjitte te kommen moat de suvelkoöperaasje ferskate bedriuwsûnderdielen ôfstjitte.

It giet hjirby om it fabryk yn Nijkerk, de suvelmerken Yogho Yogho en Choco Choco en it tsiisfabryk yn Bleskensgraaf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)